Ringen zwaluwen 7 juni

Bekijk hier de mooie videoreportage

Ringen foar de swellen

Op útnoeging fan de swellewandkommisje en Corriet van Rossen, struts hear Jan de Jong fan ‘e Jouwer mei syn kompanjons op 7 juny by de swellewand del. Dit wie de earste kear dat by ‘ús’ muorre ringe waard. Fan de 66 holtsjes dy’t elk jier tichtstrutsen wurde troch de swellewandkommisje, dy’t út Willem Feenstra en Ulbe Wijnja bestiet, binne der dit jier 58 yn gebrûk troch de ierdswel. Dat binne in soad! De swellewand stiet der dus ‘keapsjoch’ by út it perspektyf fan de swel. Ek Jan de Jong jout syn kompliminten:
                      
‘De kolonie in Goingarijp ligt er nu prachtig bij! Proficiat’.

Net foar ien gat te fangen
Earst wurdt in net flak foar de fleangatten útset en dêrnei komt der, sa’n twa meter fan it earste net, in twadde net yn de dobbe te stean. De fûgels yn de gatten reitsje fêst yn it earste net. De âlders dy’t har jongen fuorje wol, sjogge it net foar de hoale skrikke der aaklik fan en reitsje betize yn it twadde net. Dy fûgels wurde opfandele yn in sammelnet troch de sekondanten Tonny de Jong fan gemeente de Fryske Marren en Tjepke van der Honing.

Poes sil swel snippe
Underwilens hat Jan de Jong syn guod út ’e auto helle: in grutte parasol, in stoel en tafeltsje ‘foar de administraasje’, paperassen en in skeal (weegschaal). Hiel foarsichtich pakt er fûgeltsje foar fûgeltsje út ’e sammelnetten. Hy besjocht de kondysje, mjit de sturt- en wjukfearren, waget it bist (op ‘e kop!), en stelt it geslacht fêst, wêrnei’t de bistkes in lyts rinkje om de poat krije. Mar hielendal feilich is Goaiïngaryp net. In omrinnende kat sil in sweltsje snippe. Hy kriget fuort in feech fan de Jong en naait út, sûnder fûgel.
                     Hy waget it bist op ’e kop.
                      ‘Krijgen ze daar geen hersenschudding van?’

De frijheid werom
Jan de Jong fertelt graach oan syn tahearders. Earst lit er sjen hoe oft in sweltsje fêst holden wurde moat sûnder it bistke fyn te knipen. ‘Hoe hjitsto?’ freget de Jong oan in famke wylst hy har it sweltsje yn ‘e hân jout. Har namme wurdt notearre by de opmerkings. En dan mei sy it ierdsweltsje wer fleane litte.

Ut de oantekeningen fan hear De Jong:

  • In totaal hebben we 49 oeverzwaluwen gevangen (23 man, 24 vrouw en 1 volwassen).
  • Dus bijna 50% van de volwassen gevangen!
  • Van de 49 oeverzwaluwen waren er 4 eerder geringd.

Olé!
Fan de ringe ierdsweltsjes kamen der twa út Nederlân, ien ringe troch de Jong sels, en ien oarswei. Der wiene ek twa ierdsweltsjes út Spanje. Ien út Aranzadi San Sebastian en ien út Icona Madrid.

De Jong:
‘De twee buitenlandse Spaanse ringen zijn inmiddels opgegeven  bij de Nederlandse Ringcentrale in Wageningen. Die zendt de 2 Spaanse ringgegevens door naar de betreffende ringstations. Daarna krijgen wij bericht. Dit kan soms een flinke tijd duren!’

Nochris, foar de bern (en hiele hiele grutte bern)
Wa’t ek nochris sjen wol by’t ringjen: ein juny komt De Jong moarns betiid nochris yn Goaiïngaryp. Hy soe it hiel leuk fine as der dan ek bern by binne. Ien en oar hinget ek in bytsje fan it waar ôf. We sille fia Plaatselijk Belang en de BAC-app ynformearje oer de datum/tiid.

As jim dan komme, dan kinne jim sjen hoe’t de Jong sjocht oft it fûgeltsje in mantsje of in wyfke is. Hy blaast sêft op it búkje fan de fûgel, guon ha gjin fearkes mear..… en fierder fertelle wy neat. Kom sels mar sjen as Jan de Jong der wer is!