De gemeente rikket Friese Cultuurprijs út foar it brûken fan de Fryske taal

Yn De Fryske Marren wurdt it Frysk noch in protte brûkt, sa blykt út de sifers: 70 oant 80% fan de ynwenners praat Frysk, 80 oant 90% ferstiet it ek. Wy wolle graach dat it op syn minst gelyk bliuwt, mar leafst noch ferbetteret. De gemeente wol dêrom it brûken fan it Frysk stimulearje. Dat dogge sy ûnder oaren troch it útrikken fan de Friese Cultuurprijs dêr’t sy de doarpsbelangen en ynwenners fan de gemeente by belûke wolle.
De priis is in sjek fan € 750 en sil elk jier útrikke wurde.

Wa kriget de priis foar it Frysk?

Elke ynwenner/feriening/groep fan de gemeente dy’t op ien of oare wize aktyf is yn de Fryske taal, bygelyks muzyk makket, in boek skriuwt, sjongt, toaniel spilet of wat dan ek yn it Frysk, kin yn foar de priis oanmerking komme.

Oanmelde

Wolsto dy oanmelde omdatsto graach sjongst, skriuwst, toanielspilest yn it Frysk of op in oare wize mei de Fryske taal aktyf bist, mail dan nei info@goingarijp.frl
Ut de ynstjoeringen kiest doarpsbelang ien / in groep, dy’t wy oanrekommandearje by de gemeente om yn oanmerking te kommen foar dizze priis.

Namme foar de priis

Meastentiids hat in priis in namme. Sa hie Lemsterlân eartiids de Fedde Schurerpriis. De gemeente heart graach ideeën foar in passende namme foar de Friese Cultuurprijs fan De Fryske Marren.
In namme foar de priis kin trochjûn wurde oan info@defryskemarren.nl , t.a.f. Ypie Kroes.

Tige tank yn ‘t foar!

Doarpsbelang Goaiïngaryp